Marcus Reno

Marcus Reno
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Marcus Albert Reno
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 novimber 1834
berteplak Carrollton (Illinois)
stoarn 30 maart 1889
stjerplak Washington (Distrikt Kolumbia)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Frânsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18571880
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang brigadegeneraal (1865)
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
treffen(s) Slach by Antietam
Slach by Kelly's Ford
Slach by Trevilian Station
Slach oan de Little Bighorn

Marcus Reno (folút: Marcus Albert Reno; Carrollton (Illinois), 15 novimber 1834Washington, D.C., 30 maart 1889) wie in Amerikaansk militêr, dy't yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht. Yn dat lêste konflikt tsjinne er as de ûnderbefelhawwer fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer yn it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint. Reno waard benammen bekend troch syn promininte rol yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrmei't er oardel iuw oan kontroverse om syn eigen persoan hinne kreëarre.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search